50 kear Alvestêdetocht rinne

15 maaie 2010 - 16:52
  • Ykema ûnderweis en by oankomst yn Ljouwert (foto's: Omrop Fryslân)

De Alvestêdetocht foar kuierders hie dit jier in wol hiel spesjale dielnimmer. Gooitzen Ykema fan Snits rûn de tocht foar de fyftichste kear. It is noch gjinien slagge dat sa faak te dwaan.

Doe't Ykema krekt meidie, wiene der sawat twahûndert dielnimmers. No binne dat der goed tûzen. De oernachtings binne ek komfortabeler wurden. Eartiids sliepten se yn it strie en wasken se harren mei sleatswetter. No binne der sliepskippen dy't meifarre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)