50-jierrigen gratis nei museum

18 feb 2007 - 12:49
  • De tún fan it Hannemahûs yn Harns

Alle ynwenners fan de gemeente Harns dy't eksakt fyftich jier âld binne, kinne fan tiisdei ôf fergees museum it Hannemahûs yn Harns yn. It museum bestiet op de kop ôf 50 jier en om dat te fieren meie alle 50-jierrigen sân moanne lang fergees nei binnen.

Mids maart kinne dy minsken in spesjale jubileumtour folgje. Konservator Hugo ter Avest lit dan in oantal hichtepunten út de museumkolleksje sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)