50 Jier waadrinnen

28 maaie 2007 - 16:07
  • 50 jier lyn waard foar it earst fan Amelân nei Ternaard oer it waad rûn

Pinkstermoandei wie it 50 jier lyn dat de earste waadrintocht fan Amelân nei de fêste wâl makke is. Op 28 maaie 1957 makke dûmny Van Dijk as earste de oerstek fan it eilân nei Ternaard.

It wie de oanset foar de oprjochting fan de Fryske Waadrinnersferiening en waadrinnen as sport. Leden fan de Waadrinners ha moandei de tocht fan dûmny Van Dijk neffens deselde rûte ôflein. Der wie yn Ternaard noch in feestlike betinkingsbyienkomst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)