50 Jier Iepenloftspul Jorwert

24 des 2002 - 00:00

Yn Jorwert wurdt takom jier fierd dat foar de 50ste kear in iepenloftspul opfierd wurdt. Dat wurdt dien mei it stik 'Lit ús spylje Shakespeare'. Dat is in bewurking fan de suksesfolle film 'Shakespeare in love'.

Yn Jorwert waard 50 jier lyn út ein set mei de iepenloftspullen om te fieren dat de doarpsbewenners mei elkoar de tsjerketoer opboud hiene dy't twa jier earder omfallen wie. Mei it jubileum komt der ek in boek en in keunstwurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)