50 boeren folje formulier yn

23 aug 2004 - 10:11

Sa'n 50 bouboeren yn Fryslân ha oant no ta it skea-ynvintarisaasjeformulier fan de NLTO ynfolle en werom stjoerd. De boere-organisaasje wol dat boeren de ferwachte skea melde om in goed byld te krijen fan de totale skea.

Guon bouboeren melde dat parten fan it gewaaks ferlern gean sille troch de grutte reinbuien. It giet dan foaral om jirpels. NLTO is tefreden oer it tal ynstjoerings. Oer in pear wiken krije de boeren opnij in skeaformulier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)