5 oanhâldings nei sjitpartij

21 feb 2008 - 17:10

De plysje hat al 5 fertochten fan 'e sjitpartij yn de Westereen oanhâlden. Dit nei oanlieding fan in rúzje op strjitte yn 'e nacht fan woansdei op tongersdei wêrby't ferskate kearen sketten is tusken twa groepen. Net ien waard rekke troch de kûgels.

De fertochten hiene spul krigen mei in man (35) fan de Westereen en in frou (25) út Ljouwert en noch in Westereender. Se waarden op strjitte bedrige troch de fertochten en slein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)