5-jierrich jonkje ferdronken

28 jul 2001 - 00:00

In 5-jierrich jonkje út Twizelerheide is freed ferdronken yn swimfiver It Strandheem by Surhústerfean. It jonkje wie om fjouwer oere ynienen wei.

Plysje en besikers fan it strân ha mei inoar oan it sykjen west. De minsken ha mei mekoar in soarte fan ketting foarme om it wetter te trochsykjen. Sa waard it jonkje úteinlik fûn. Op wei nei it sikehûs die bliken dat hy al ferstoarn wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)