5 Friezen yn list rykste minsken

06 nov 2002 - 00:00

Fiif Friezen steane yn de list fan rykste minsken fan Nederlân yn it blêd Quote, dat woansdei ferskynt is. It giet om de famylje Poiesz, fan de supermerkketen. Sy besitte goed 78 miljoen euro.

Gerard Nieuwe Weme besit 71 miljoen. Ek Kooyenga fan Dokkum stiet yn de list mei 70 miljoen. De famylje Storteboom en Jan Riedstra binne beide goed foar 60 miljoen. De famylje Brenninkmeyer fan C&A stiet boppe oan mei 8 miljard euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)