4e fertochte drugshannel pakt

28 feb 2013 - 09:47
  • Drugs

De plysje hat woansdei in fjirde fertochte oanhâlden yn it ûndersyk nei drugshannel yn de gemeente Achtkarspelen. In 19-jierrige man út Surhústerfean wurdt derfan fertocht dat hy de drug ketamine ferkocht oan 15-jierrige besikers fan de jeugdkeet fan de Grinzer Pein. Ketamine is in medisyn foar bisten dat ek as partydrug brûkt wurdt. De plysje docht in grut ûndersyk nei drugsgebrûk yn de gemeente. Dêrút kaam nei foaren dat yn de Peinzer keet gauris harddrugs brûkt waarden.

Earder waarden al in 20-jierrige man út De Harkema en in 24-jierrige man út Surhústerfean oanhâlden, beide op fertinking fan hannel yn harddrugs. It ûndersyk is noch net klear en de plysje slút mear oanhâldings net út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)