Beverrôt nei Fryslân

© Omrop Fryslân
De beverrôt rukt op nei Fryslân. It bist dat 14 kilo weagje kin, soarget foar tige grutte gatten yn kaaien en diken. Wetterskip Fryslân hat dêrom al maatregels nommen.
Rottefangers binne op de hichte brocht fan de komst fan de bever. Ek is der al spesjaal fangguod oantúchd. It wetterskip giet yntusken gewoan troch mei it fangen fan muskusrotten. Dat rint better as yn de rest fan it lân. Yn Fryslân binne hieltyd minder rotten.