Wommels derút, stunt Goutum

11 aug 2004 - 20:59

Op de Freule hat Makkum it partoer fan Wommels útskeakele. De wedstriid tusken de twa dreamde finalisten einige yn 5-5, 6-0 foar Makkum. Dat partoer giet no as grutte titelfavoryt fierder.

Makkum spilet yn de heale finale tsjin Hartwert. De oare heale finale giet tusken Tsjommearum en it tige ferrassende Goutum. De Goutumers Hendrik Tolsma en Terry van der Eng keatse tegearre. Sy wûnen fan Koarnwert, Reahûs, Damwâld en Jirnsum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)