Van Booma ferliest koart pleit

11 aug 2004 - 18:21

Eigner Van Booma fan rekreaasjepark Schatzenburg by Menaam moat de leden fan twa fuortbalferienings en in tennisferiening op syn terrein talitte. Dat is de útspraak fan de rjochter yn in koart pleit.

Van Booma hie it erfpacht opsein om't hy noch jild ha moat fan de feriening. Van Booma leit al skoften yn de klinsj mei sportferienings. Dy soene har net oan de ôfspraak hâlde om it terrein te ûnderhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)