'Goede koördinaasje by brân'

11 aug 2004 - 18:04

Der hat by de brânwacht moandei gjin momint betizing west oer hokker korps de brân yn Houtigehage blusse moast. Dat seit Smits fan de brânwacht fan Smellingerlân.

Yn Houtigehage giet it praat dat der by de útslaande brân ûndúdlikens wie oer oft it korps fan Smellingerlân of dat fan Achtkarpselen de brân blusse moast. Neffens Smits hat der normaal oerlis west en ha de korpsen goede ôfspraken oer it blussen yn de grinsgebieten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)