Feansters spylje ynterlands

© Omrop Fryslân
In grut tal spilers fan fuotblaclub Hearrenfean binne oproppen foar it spyljen fan ynterlands. Petter Hansson mei oare wike mei Sweden tsjin Nederlân spylje. Dyselde dei spilet Vayrynen mei Finlân in WK-kwalifikaasjewedstriid tsjin Roemenië.
Rzasa spilet mei Poalen freonskiplik tsjin Denemarken en Calincov spilet yn de wedstriid Moldavië-Georgië. Fierders binne der in tal spilers oproppen foar jeugdseleksjes.