Asbest Dokkum oprêden

© Omrop Fryslân
Hast alle asbest dy't frijkaam is by de brân ferline wike sneon yn Dokkum, is oprêden. Dat seit de gemeente Dongeradiel.
By de brân by in kuolloads op bedriuweterrein Hogedijken kaam asbest frij, dat terjochte kaam op de rest fan it terrein en yn in wenwyk. De wenwyk is ferline wike al skjinmakke. It bedriuweterrein is no ek asbestfrij, útsein it terrein fan it eardere DBO, dêr't de brân ûntstie.