Rjochter freget frede te sluten

© Omrop Fryslân
De rjochtbank fan Ljouwert liket syn nocht te hawwen fan it konflikt tusken rekreaasjepark Schatzenburg en de gemeente Menameradiel. Dat falt op te meitsjen út wat rjochter Van Houten tiisdei sei by it safolste koart pleit.
Dizze kear gie it om in rekken fan 50.000 euro dy't Menameradiel betelje moat foar it skoalswimmen. De rjochter wol dat de partijen besykje frede te sluten.