Oarsaak brân ûndúdlik

11 aug 2004 - 12:03

It bliuwt ûndúdlik wat de oarsaak west hat fan de grutte brân op yndustryterrein Hogedijken yn Dokkum. It ûndersyk fan de plysje is klear, mar hoe't de bran ûntstien is bliuwt ûnwis.

Wol dúdlik is dat de bran oan de súdkant fan de grutte kuolloads begongen is. Om in better byld te krijen hat de plysje mear ynformaasje nedich. Minsken dy't op 31 july op it terrein fan de brân west ha wurdt frege om kontakt op te nimmen mei de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)