Noordned skrast 40 banen

11 aug 2004 - 11:04

By ferfiersbedriuw Noordned gean 40 banen ferlern as gefolch fan de ryksbesunigings op it iepenbier ferfier. Dat skriuwt de direksje yn in brief oan de meiwurkers. Noordned krijt takom jier oardel miljoen euro minder. Ein juny besleat de provinsje dat bedrach net te kompensearjen.

De direksje hat it ferlies fan 40 banen foarlein oan de ûndernimmingsried en de provinsje. De provinsje is net fan doel de besunigings opnij te besjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)