Foppe jout workshops yn Afrika

11 aug 2004 - 10:16

Fuotbaltrainer Foppe de Haan giet begjin takom jier foar in wurkbsite nei Súd-Afrika. Hy sil dêr workshops jaan wêrby't er syn kennis fan it fuotbaljen oerdrage sil op in tal lokale coaches en jonge fuotballers.

De wurkbesite wurdt regele troch de organisaasje SCORE. Dat is in Súd- Afrikaanse organisaasje dy't al mear as tsien jier sport- en spulaktiviteiten opset yn achterstelde gebieten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)