Asbest by brân Houtigehage

10 aug 2004 - 17:26

By in brân moandei yn in skuorre oan de Skieding yn Houtigehage is asbest frijkaam. It asbest leit foaral op de gerslannen om de skuorre hinne, sawol yn Smellingerlân as yn Achtkarspelen. Boargemaster Van der Zaag fan Smellingerlân hat dêrom syn kollega fan Achtkarspelen ynljochte.

De eigners fan de grûn yn it gebiet ha in brief krigen. In bedriuw is ynhierd om it asbest op te romjen. Foar it fee is gjin ekstra aksje nedich.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)