Gjin fleske bier mear by de Boys

10 aug 2004 - 14:32

It is oer en út mei de fleskes bier by de thúswedstriden fan Harkemase Boys. It nije seizoen sille de supporters fan de sneons haadklasser it dwaan moatte mei plastic bekerkes en bier fan 'e taap. De klub hie al ris in warskôging fan 'e KNVB hân oer de fleskes by it fjild en it bûn tinkt der no sels oer om dit tenei folslein te ferbieden.

De Harkemase Boys ha dêrom in nije bierynstallaazje oantúchd. Oankommende sneon sil dy foar it earst brûkt wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)