Schatzenburg lûkt dochs swimmers

10 aug 2004 - 13:06

Swimbad Schatzenburg yn Menaam hat foar it earst sûnt lange tiid besikers lutsen. Snein kamen 59 minsken nei it iepenloftswimbad, dy't allegearre de tagongspriis fan tsien euro betellen. Eigner Van Booma seit dat dit de publike funksje fan syn swimbad bewiist.

De gemeente Menameradiel sjocht dat oars. Neffens de gemeente binne de kaartsjes fierstente djoer. Tiisdei treffe de partijen inoar wer foar de rjochter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)