Beleanning tip brân Berltsum

© Omrop Fryslân
Undersyksburo I-Tek BV út Veghel hat in beleaning fan in pear tûzen euro útloofd om in brân yn in bunker mei houtsnippers yn Berltsum oplosse te kinnen. De loads by in glêstúnboubedriuw baarnde yn de nacht fan 29 op 30 july folslein ôf. De skea is goed in ton.
Yn de iepen bunker wurde houtsnippers ferbaarnd om waarmte op te wekken. De brân hat net in technyske oarsaak en dêrom wurdt tocht oan brânstifting.