Romke de Jong wint by Starum

10 aug 2004 - 10:32

Mei in hurde wyn yn de seilen hat Romke de Jong mei it skûtsje Grytsje Obes moandei by Starum de twadde IFKS- wedstriid wûn. Nei in prachtige start wie er fuort oan kop kommen. It twadde plak wie foar Tony Brundel mei de Lytse Lies en tred waard Sieb Meijer mei de Jonge Jasper.

Troch de hurde wyn wie it op 'e Iselmar in sensasjonele wedstriid. As gefolch fan dy wyn moasten twa skûtsjes de wedstriid mei averij ferlitte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)