Kompjûter set medisinen klear

© Omrop Fryslân
Soarchsintrum Heemstra State krijt dizze wike in synsteem wêrby't fia de kompjûter de medisinen klearset wurde. Heemstra State gie dêrfoar in oerienkomst oangien mei in aptekers- organisaasje. Troch it saneamde Baxter-systeem is de kâns op flaters en ferspilling fan medisinen folle lytser.
De klant krijt in masyntsje dêr't de medisinen apart yn ferpakt sitte en dêr't alles op stiet. It gehiel wurdt klearset troch de kompjûter.