Winst Postma op Snitsermar

09 aug 2004 - 14:25

Pieter Jan Postma is snein earste wurden by it silen yn de Laserklasse op de Snitsermar. In opstekker foar Postma, dy't nei ferskate kwalifikaasje wedstriden dochs net yn oanmerking kaam foar de Olympyske Spelen. Postma is ôfkomstich fan Terkaple.

Yn de Yngling-klasse wie de winst yn de earste wedstryd foar it Fryske duo Marije Faber, Brechtje van der Werf. Sy sile mei de Dútske Barbara Huber yn in team.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)