Autodief springt fiver yn

© Omrop Fryslân
De plysje hat snein yn Ljouwert in 19- jierrige ynwenner fan Alkmaar achter- folge. De man ried sûnder feilichheids- rym yn 'e auto en sette de sokken deryn doe't er seach dat de plysje him folge.
De man liet de auto yn de Transvaalstrjitte stean en sprong sels yn it wetter fan de Prinsetún. Doe die bliken dat de auto stellen wie. De plysje koe de man letter oanhâlde. Hy wie wer út it wetter krûpt en rûn yn de Doelestrjitte.