Nije taak foar taksysintrale

09 aug 2004 - 11:16

De taksysintrale Noard-East Fryslân koördinearret sûnt koart it lanlike ferfier fan minsken mei autopech. De ferwachting is dat de taksynsintrale alle jierren trije oant fjouwertûzen minsken sa gau mooglik op it plak fan bestimming bringe moat.

It bedriuw hat dêrfoar kontakten mei taksysintrales troch it hiele lân hinne. By de taksysintrale Noard-East Fryslân wurkje no 110 minsken en se hawwe 40 auto's riden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)