Fryske hurdfyts-prestaasjes

© Omrop Fryslân
Nei de tredde etappe en de tiidrit yn de Ronde fan de provinsje Antwerpen stiet Germ van der Burg fan Folsgeare noch altyd op it tredde plak. Syn achterstân op de lieder - de Belch Bart Heirewegh - is 31 tellen.
Pieter Weening fan De Harkema is yn syn earste wrâldbekerwedstriid de Clasica San Sebastian 115e wurden. Hy kaam goed 11 minuten nei winner Perdiguero oer de streek. En Bertine Spijkerman fan Sint Nyk waard snein 2e op it EK yn Estlân.