Ferkiezing lekkerste oranjekoeke

© Omrop Fryslân
Banketbakkerij de Korenbloem fan Snits makket de lekkerste oranjekoeke fan Fryslân. De banketbakker waard yn Hylpen troch in faksjuery keazen út fiif nominaasjes.
De wedstriid om de lekkerste Oranjekoeke waard organisearre troch Fryslân Culinair. Sy wolle op dizze wize de streekprodukten mear ûnder de oandacht bringe. Mei inoar hiene 64 bakkers in oranjekoeke ynstjoerd.