Vd Werf lit Snits erfskip nei

08 aug 2004 - 13:25

De Snitser mienskip krijt mear as 30 legaten fan de okkerlêsten ferstoarne Dicky van der Werf. Mei elkoar liet de Snitser goed oardel miljoen euro achter oan in ferskaat oan ynstellings.

Mei Van der Werf syn earder ferstoarne frou beneamde er de gemeente, de Stichting Oud Sneek, de herfoarme mienskip, it Scheepvaartmuseum en it Snitser skûtsje ta syn erfgenaam. Sy krije allegear goed 250.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)