Twa boaten fan it jier yn Snits

08 aug 2004 - 12:56

De Sea Wolf en de Tjirk binne by de iepening fan de Snitswike útkeazen ta boat fan it jier. De organisaasje hie earst de âld seesleper De Waterpoort oanwiisd. Mar dy boat sonk en foel ôf.

Mei de Sea Wolf hat Bauke Boersma fan Snits solo de Atlantyske Oseaan oersyld. It oare skip De Tjirk fan dokter Bogtstra waard útkeazen om't it echtpear mei it houten skip nei de Middellânske See foer. Beide skippen foeren mei yn de Vlootschouw.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)