Peter de Koe wint silerij Hylpen

07 aug 2004 - 19:03

Peter de Koe fan Frjentsjer hat sneon mei syn skûtsje Hoop op Zegen de earste IFKS-wedstriid by Hylpen wûn. Henk Regts wie eins twad, mar hy krige in protest en dat waard takend. Jeroen de Vos naam sadwaande it twadde plak oer.

De wedstriid begûn trije kertier letter om't der net folle wyn stie. Dêrnei foeren de skûtsjes ek noch oan de ferkearde kant om 'e tonne hinne en moast der opnij starten wurde. Harmen de Vries fan De Lemmer hat him ôfmeld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)