Bantegeasters yn tekenfilm?

© Omrop Fryslân
Fan de njoggenkoppige famylje De Haan fan Bantegea wurdt mooglik in tekenfilmsearje makke. De famylje is by de lêste trije einige by in wedstryd fan bernestjoerder Nickelodeon. Dy siket de leukste en gesellichste famylje foar Nederlân as basis foar in tekenfilm.
It is no in kwestje fan kampanje fiere, want wa't de measte stimmen krijt, wint úteinlik de tekenfilm en in reis nei Amearika.