Deade einen yn fiver stjonke

© Omrop Fryslân
No't it simmerwaar in pear dagen oanhâldt, stekt it botulisme wer de kop op. De fûgelwacht fan Ljouwert hat fan 'e wike tolve deade einen fiske út in fiver oan it Kamgras yn Ljouwert. De omwenners fan de fiver kleie omraak oer de stankoerlêst.
De gemeente Ljouwert seit dat der wol plannen binne om de fiver út te baggerjen. Dochs kinne se neat dwaan om't de gemeenteried gjin jild beskikber steld hat.