Oernamekandidaten foar Ybema

07 aug 2004 - 10:03

Fjouwer kandidaten ha belangstelling foar parten fan it fallite Ybema. Twa dêrfan soenen serieus wêze. It stielkonstruksjebedriuw op De Tynje waard twa wiken lyn fallyt ferklearre. Goed 30 minsken krigen dien.

Ybema gie fallyt om't de priis fan stiel tanaam is en de konkurrinsje naam ek ta. De kurator tinkt dat it stielkonstruksjebedriuw yn lytsere foarm fierder kin. Hy hopet dat dêr nei de boufak mear dúdlikheid oer komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)