Bedriuwkes yn fallite skipswerf

06 aug 2004 - 17:18

Yn de fallite skipswerf fan Bijlsma yn Warten komt wer in bedriuw. Sûnt dizze wike stiet der mei grutte letters Maritiem Cluster Friesland op de loads. Yn dat cluster sitte ferskillende lytsere bedriuwen dy't mei skippen te krijen ha lykas ûnderhâld, reparaasje en nijbou.

De rest fan de loadsen wurdt brûkt foar winterstalling fan skippen. It nije bedriuw begjint offisjeel 1 septimber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)