De Haan tred yn Hoogeveen

© Omrop Fryslân
Sierk-Jan de Haan fan Dokkum wie mei in tredde plak de bêste Fries yn de ronde fan Hoogeveen. Edwin Dunning wûn it kritearium oer 80 kilometer. De Friezen Folkert de Haan waard fjirde en Jan Hendrik Westra waard achtste. By de junioaren gie de winst nei Fokke Postma fan Drachtsterkompenije.
Junior Frank Wierstra fan Burgum rydt in etappewedstriid yn Ierlân. Yn de tredde etappe siet Wierstra yn in tolve man sterke kopgroep. Hy waard sechsde.