Tolsma hâldt op by Score

06 aug 2004 - 13:53

André Tolsma út Dronryp hâldt mei yngong fan 1 oktober op as foarsitter en manager fan de Stichting Score. De stichting begeliedt twa keatspartoeren, wêrûnder dat fan Simon Minnesma.

Score wie de earste organisaasje yn de keatswrâld dy't sportive en kommersjele belangen ûnderbrocht yn in stichting. It kostet Tolsma tefolle tiid om neist syn baan en in eigen bedriuw de belangen fan Score goed te behertigjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)