Tbs pensionhâldster net ferlingd

© Omrop Fryslân
It tbs fan Marianne van der E., de âld-pensionhâldster fan Eanjum, wurdt net ferlingd. Dat hat de rjochtbank bepaald. Der is by har gjin sprake fan in gebrekkige ûntwikkeling of in steuring fan de geastlike fermogens, sizze rapporten fan saakkundigen.
It Iepenbier Ministearje giet tsjin de útspraak yn heger berop. It IM beskôget Van der E. noch as in gefaar foar de maatskippij. Se waard ein '98 ta seis jier sel en tbs feroardiele foar moard.