Tbc konstatearre by Ljouwerter

© Omrop Fryslân
By in 51-jierrige man út Ljouwert is iepen tbc konstatearre. De man is fuortdaliks opnaam foar behanneling yn sikehûs MCL. Hy leit yn in isolearre keamer. De sûnenstsjinst GGD Fryslân is út ein set mei in kontaktenûndersyk.
Minsken dy't direkt kontakt hân ha mei de man wurdt frege om oan dit ûndersyk mei te dwaan. Op dizze wize wurdt besocht om mooglike oare besmettingen foar te kommen. Tuberkulose is in foarm fan longûntstekking.