Hearrenfean wint fan Emmen

05 aug 2004 - 15:22

Sportklub Hearrenfean hat woansdeitejûn in oefenwedstriid tsjin earste divyzjeklub Emmen mei 3-0 wûn. Op it fjild fan Emmen skoarde Stefan Selakovic yn de earste helte. Nei it skoft wiene Yuri Rose en Jos Hooiveld suksesfol.

Trener Gert Jan Verbeek fan Hearrenfean brûkte foar de wedstriid 24 spilers. Sneon is de lêste oefenwedstriid foar Hearrenfean. Dan spilet de klub thús tsjin Athletic de Bilbao út Spanje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)