Harnzer havenmaster mishannele

05 aug 2004 - 14:00

In 63-jierrige havenmaster fan Harns is woansdeitejûn mishannele troch in 69-jierrige boatsjeman út Hilversum. De man út Hilversum hie syn boat oanlein yn de haven, doe't er te hearren krige dat er dêr lisjild foar betelje moast.

De man fûn it bedrach te heech en waard dêrop agressyf tsjinoer de havenmaster. Dat utere him yn it beetpakken fan de earm fan de Harnzer. De beide manlju bedarren op 'e grûn. De maresjausee hat de agressive man út Hilversum oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)