Ek mear kinkhoest yn Fryslân

© Omrop Fryslân
Ek yn Fryslân hat de kinkhoest-epidemy taslein. Mei-inoar binne der by de Fryske GGD 124 meldings fan de sykte binnenkaam. Ferline jier om dizze tiid wiene dat der mar sa'n tritich.
Kinkhoest soarget om de trije, fjouwer jier foar in epidemy. Dat komt omdat de baktearje him hieltyd in bytsje oanpast. Kinkhoest is net gefaarlik as je yninte binne. Wol kinne minsken in moanne lêst ha fan hoastjen. Bern kinne it beste nei de húsdokter ta.