Sensaasje op PC

© Omrop Fryslân
It partoer Johan Abma, Pieter Scharringa en Daniël Iseger hat tige ferrassend de 151ste PC yn Frjentsjer wûn. Yn de finale wûn it partoer, dat yn de earste klasse keatst, fan Klaas Anne Terpstra, Jan Willem van Beem en Douwe Groenendijk, mei 5-3, 6-6.
De finale gie lang gelyk op en in soad earsten waarden op 6-6 beslist. It partoer Abma ûnderskiede him de hiele dei mei syn entûsjasme en fjoer. Daniël Iseger waard útroppen ta kening.