Wer asbestdieltsjes yn Dokkum

05 aug 2004 - 10:42

Der binne tiisdei noch mear asbestdielstjes fûn op yndustryterrein Hegediken yn Dokkum. De njonkenlizzende wenwyk Kooilanden is wol hielendal asbest-frij ferklearre troch de gemeente.

De fersmoarge strjitten en stikken grûn binne ôfset en wurde skjinmakke. De asbest is fûn yn it gebied tusken it ferbaarnde DBO gebou en de Wiemersstrjitte. Yn dy strjitte is earjuster al asbest oantroffen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)