Concours Hippique Bûtenpost

05 aug 2004 - 10:20

Freek Saris hat de titel wûn by it twaspan tugen op it Concours Hippique yn Bûtenpost. De titel by it twaspan tugen foar Fryske hynders waard wûn troch A. van Proosdij.

By it springen op tiid en mei barraazje wie Job Oldenziel de winner. Hy komt út Gieten en hy sprong mei syn hynder Officem's Largo. It Concours Hippique waard dit jier minder besocht as oare jierren. Dat hie neffens de foarsitter te krijen mei de waarsfoarsizzing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)