Dijkstra wint fan âld-maten
De PC yn Frjentsjer is út ein set. De earste bysûndere wedstriid wie dy tusken de partoeren Minnesma, Nijman en Van der Wei tsjin Dijkstra, Sprik en Den Breejen.
Nijman, Van der Wei en Dijkstra wûnen ferline jier mei-inoar de PC. No dus yn oare partoeren. Dijkstra en dy lutsen oan it langste ein en stjoerden Minnesma en dy nei hûs mei 5-3, 6-6.