Katten dumpt yn Lauwersmargebiet

© Omrop Fryslân
Op it stuit wurde der massaal katten dumpt yn it Lauwersmargebiet. Dat seit Beleke van Ham fan de stifting Kat in Nood. Neffens har binne der in soad toeristen dy't de simmerfakânsje oanpakke om, ûnderweis nei de eilannen, de bisten yn de natuer los te litten.
De opfang yn Lauwerszijl (Grinslân) hat op it stuit sa'n hûndert katten. Yn it Lauwersmargebiet strune noch sa'n 30 katten om. Guon binne sa ferwyldere dat se hast net te fangen binne.