Boalsert ek earst by Ealahuzen

04 aug 2004 - 16:44

It skûtsjesilen is tiisdei op 'e nij wûn troch Eldert Meeter fan Boalsert. Krekt as moandei by Wâldsein, giene de Boalserters tiisdei ek by Ealahuzen as earste oer de finish. Twadde waard Pieter Brouwer fan Hearrenfean en tredde Allard Syperda fan it Jouster skûtsje.

De útslach betsjut noch folop spanning boppe-yn it klassemint. Hearrenfean stiet noch krekt boppe-oan mei 0,9 punt foarsprong op Boalsert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)